Op ´e flecht yn ´e sleat sprongen

15 feb 2009 - 17:21

De plysje hat yn de nacht nei snein op de Westerseedyk yn Harns in ynwenner (22) fan Menaam oanholden. Hy wurdt derfan fertocht in radio út in parkearde auto stellen te hawwen.

Efkes nei 04.00 oere seagen in pear plysjes dat der fan ferskate autoruten iis skrabbe wie. Dêrnei ûntdutsen se de Menamer. Dy naaide út nei´t er de autoradio yn de boskjes smiet. By de efterfolging sprong de man yn in feart om fuort te kommen, mar dat slagge net. De man hie it frontsje by him.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)