SC Hearrenfean spilet lyk

15 feb 2009 - 16:50

Sportklub Hearrenfean hat yn Nijmegen mei 1-1 lyk spile tsjin NEC. Viktor_Elm soarge yn de fjirde minút foar in 1-0 foarsprong. Troch in oertreding fan doelman Brian_Vandenbussche kaam NEC troch in strafskop op 1-1.

SC Hearrenfean wie yn de earste helte de bettere ploech. Nei it skoft spile NEC fûler as de Feansters. Troch it lykspul stean de Feansters op it fyfde plak yn de earedivyzje. Takom wike sneon spilet Hearrenfean thús tsjin Willem_II.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)