Online biede op keunstwurk

De Ljouwerter keunstner Alfred H. Stucki hat yn opdracht fan de jongereinsite Fynst in keunstwurk makke. Op ´e webside kin op it keunstwurk bean wurde.
Fynst freget hjirmei omtinken foar de pornofikaasje ûnder de jongerein. Om´t porno hjoeddedei sa tagonklik is, feroaret ek de seksuele moraal ûnder de jeugd. Model foar Stucki stie de 21-jierrige miss Fryslân, Bouktje_Boerma fan Haulerwyk. Stucki seit dat der ´gewoan in bytsje leafde´ wêze moat.