Manlju oppakt foar bedriging

© Omrop Fryslân
Op it Grut Skavernek yn Ljouwert binne yn de nacht fan sneon op snein twa manlju út Ljouwert en Ferwert oanhâlden, omdat se in kafee-eigner bedrige hiene.
Dy hie har trappearre mei drugs yn de WC. De eigner hie fuortdaliks de plysje warskôge en dy hat de manlju meinommen nei it plysjeburo. De saak sil noch fierder útsocht wurde.