Auto yn ´e brân op It Fean
Oan de Boargemaster_Falkenawei op It Hearrenfean is yn de nacht fan sneon op snein in auto yn ´e brân flein. De brânwacht waard oproppen om it fjoer út te krijen. De plysje hat dêrby holpen.
De linkerfoarkant fan de auto stie yn ´e brân. Hoe´t dat koe, is noch net bekend. De technyske resjerzje docht ûndersyk.