Omset Tjongerskâns moat heger

De Tjongerskâns op It Hearrenfean
It syktefersom by sikehûs De Tjongerskâns op It Hearrenfean mei de kommende jierren net boppe de 3,5 persint útkomme. Dat stiet yn it beliedsplan oant 2013. It sikehûs wol in oanloklike wurkjouwer wêze en neamt de meiwurkers 'de wichtichste faktor om alle ambysjes wier te meitsjen'.
De Tjongerskâns makke fan 'e wike bekend dat it sikehûs hearre wol by de bêste 25% fan Nederlân. De omset soe de kommende jierren hieltyd wat grutter wurde moatte.