Riders kinne sêfter falle

15 feb 2009 - 10:57

In Nederlansk bedriuw hat sneon by de wrâldbekerwedstriden yn Thialf op It Hearrenfean nije kessens foar oan de kant presintearre. It prototype soe de swiere klappen better opfange, wertroch't de reedriders net werom de iisbaan op sjitte as se falle.

Yn de kessens sit in spesjale skomlaach dy't de skokken mear absorbearret. It bedriuw wol finansjele stipe fan de ISU om it produkt fierder te ûntwikkeljen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)