Ynstoartingsgefaar op'e Lemmer

15 feb 2009 - 10:47

Nei trije jier liket der lang om let skot te kommen yn de bou fan in nije winkel mei acht apparteminten oan de Vissersburen op De Lemmer. B&W wolle dat de gemeenteried ein dizze moanne akkoart giet mei de plannen fan JABEM Vastgoed yn Sondel.

De bouwer wachtet sûnt 2006 op tastimming. Dat komt troch sykte by de gemeente, mar ek omdat de gemeente in soad fragen hie oer it parkearen yn de buert. Foar ien fan de trije besteande gebouwen driget ynstoarting.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)