Falentynsdichter yn Dokkum

14 febrewaris is net allinnich de dei dat, al as net stille, leafdes mei in boskje blommen ferrast wurde. Soks kin ek poëtyske foarmen oannimme. Wa't wat romantysk op papier ha woe, mar dat sels net echt kin, koe sneon de Dongeradichter ynskeakelje.
De dichter, dy't ûnder it pseudonym De Graaf fan Medwert skriuwt, makke yn boekhannel Schaaf yn Dokkum foar wa't dat woe in Falentynsgedicht.