Elma de Vries nei WK ôfstannen

Elma de Vries op it poadium (foto: Martin de Jong)
Friezinne om utens Elma_de_Vries giet nei it wrâldkampioenskip ôfstannen yn Vancouver. Troch in nij persoanlik rekord te riden fan 7.02,48 op de fiif kilometer by de wrâldbekerwedstriden op It Hearrenfean, wie se de rapste Nederlânske rydster.
De froulju út de A-groep, Renate_Groenewold, Diane_Valkenburg, Jorien_Voorhuis en Gretha_Smit kamen allegear net oan de tiid fan Elma_de_Vries. It wrâldkampioenskip yn Vancouver begjint op 12 maart.