Demonstraasje oandieleferkeap

14 feb 2009 - 14:17

Sa'n fyftich minsken ha yn Ljouwert meidien oan in demonstraasje tsjin de ferkeap fan de Fryske NUON-oandielen. De aksje wie in inisjatyf fan de Sosjalistyske Partij yn Fryslân.

De tocht gie fan it tydlike provinsjehûs oan de Snitsertrekwei nei it Saailân. Dêr spruts SP-2e Keamerlid Paulus Jansen de groep ta. De provinsje ferkeapet ynkoarten mooglik syn NUON-oandielen. It enerzjybedriuw wurdt nei alle gedachten ferkocht oan in bûtenlânske partner.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)