Gjin treinen nei Hearrenfean

© Omrop Fryslân
Fanwege in stikkene boppelieding ride der op it stuit gjin treinen, mar bussen tusken Ljouwert en It Hearrenfean. Dat smyt foar de reis tusken Ljouwert en Swolle in fertraging fan 15 oant 30 minuten op.
Der ride no minder yntercittys op it trajekt. De ferwachting is dat it probleem oan it begjin fan de jûn foarby is. Oan it begjin fan de nacht wurde op it trajekt tusken Ljouwert en Akkrum opnij bussen ynset. Dat is omdat der wurke wurdt oan it stik spoar.