Väyrynen net by H'fean-NEC

Viktor Elm (foto: Martin de Jong)
Mei fjouwer oerwinnings út de lêste fiif wedstriden is SC Hearrenfean dwaande mei in aardige searje. Sneintemiddei treft de ploech fan Trond Sollied de nûmer njoggen fan de earedivyzje, NEC.
Sollied kin beskikke oer in hast folsleine seleksje. Allinnich Mika Väyrynen is der net by. Wa't der yn de punt fan de oanfal stiet, is noch ûnwis. Viktor Elm is in mooglikheid, mar Gerald Sibon is ek in opsje.