Falske biljetten yn omrin

14 feb 2009 - 07:53

By ferskate winkels op 'e Gordyk is de ôfrûne wike mei falske biljetten fan 100 euro betelle. Yn Drachten barde itselde mei falske biljetten fan 50 euro. Dat meldt de plysje.

De falske biljetten waarden ûntdutsen doe't se troch de winkels ynlevere waarden by de bank. Neffens dy bank binne de biljetten fan minne kwaliteit en hiene se ek de winkels sels opfalle moatten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)