Needplan foar kredytkrisis

© Omrop Fryslân
De provinsje moat sa gau as mooglik in needplan opstelle wêrmei de gefolgen fan de kredytkrisis yn Fryslân sa folle mooglik beheind wurde. Dat fine seis partijen yn Provinsjale Steaten.
De partijen hawwe it kolleezje fan Deputearre Steaten frege om mooglike oplossings op in rige te setten. Sa soenen ynfrastrukturele projekten nei foaren helle wurde kinne en prosedueres koarter makke wurde kinne.