Cambuur wint fan koprinner VVV

Rachid El Khalifi makket winnende goal
Sportklub_Cambuur hat freedtejûn mei 2-1 wûn fan koprinner VVV Venlo. Nei in minne earste en in goeie twadde helte soarge Rachid_El_Khalifi yn de lêste minút foar de winnende goal.
Yn de earste helte hie VVV de oerhân en kaam fia de 19e goal fan Sandro Calabro op in 1-0 foarsprong. Nei it skoft wie Cambuur fûler en makke Ruud ter Heide mei in kopbal de 1-1. Tsien minuten foar de ein brocht trainer Stanley Menzo El Khalifi yn it fjild en dat waard dus in gouden wiksel.