Goeie prestaasje shorttrackers

13 feb 2009 - 21:01

Shorttrackers Daan_Breeuwsma fan Aldeboarn en Sjinkie_Knegt fan Bantegea ha it freed goed dien by de wrâldbekerfinale yn Dresden. Beide shorttrackers hawwe harren pleatst foar it haadtoernoai. Foar Breeuwsma is dat in primeur, hy kwalifisearre him dêr noch net earder foar.

Breeuwsma komt út op de 1500 meter, Knegt rydt de 1000 meter. Beide mannen ha ek riden yn de ôflossingsploech. Dêryn einigen se mei Niels Kerstholt en Freek van der Wart as twadde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)