Ryk sjocht nei regio mei krimp

13 feb 2009 - 17:01

It Ryk komt mei maatregels foar regio´s dêr´t it tal ynwenners weromrint. Dat hat minister Van der Laan fan Folkshúsfesting sein. By de ferdieling fan it jild komme regio´s mei groei der altyd better út, wylst krimp de lokale oerheden krekt in soad jild kostet.

Yn juny wol de minister prate mei de bestjoerders fan regio´s dêr´t dit spilet. Letter dit jier komt der in aksjeplan en in Nasjonaal Ekspertizesintrum oer krimp.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)