Tulpen yn museum Dokkum

Bern ha tulpen kweekt
It Natuermuseum yn Dokkum stiet fol mei tulpen. De blommen binne kweekt troch 360 skoalbern yn Noardeast-Fryslân foar in wedstriid. In sjuery hat de blommen beoardiele. Tulpekweker Pieter Braaksma sil útmeitsje wa´t trochgeane nei de finale.
Der ha 20 skoallen meidien oan de tulpebroeiwedstriid. De winners fan de skoallen kinne in beker winne as har blommen ek noch ris de aldermoaisten binne.