Tal fakatueres rint bot werom

It tal fakatueres yn Fryslân is bot weromrûn. Benammen yn de bou en transportsektor en yn de makelerij is amper wurk te finen. Dat seit it UWV Wurkbedriuw. Lanlik is it tal fakatueres ein ferline jier mei 54.000 weromrûn. Yn 20 jier tiid hat it nea sa slim west.
Om hoefolle fakatueres it yn Fryslân giet is net bekend, mar it probleem spilet hjir ek. Neffens it UWV soene minsken opnij oplaat wurde moatte om it probleem tsjin te gean.