Heger berop yn saak Burgumer

© Omrop Fryslân
Justysje tekent heger berop oan tsjin de frijspraak fan in Burgumer (36). Hy stie ferline jier foar de rjochter foar ûntucht mei in tal minderjierrige famkes.
Ein jannewaris sei de rjochter dat dêr te min bewiis wie. Wol krige de man in boete fan 500 euro foar skeining fan de earberheid. Hy hat mear as in healjier yn de sel sitten. Dêrfoar frege syn advokaat in skeafergoeding. Neffens it IM is de saak mei it bewiis wol rûn te krijen.