Undersyk nei gefolch fúzje

13 feb 2009 - 15:50

Heechleraar Steatsrjocht Elzinga moat ûndersyk dwaan nei de gefolgen fan in fúzje fan Skarsterlân en Hearrenfean. Sa moat dúdlik wurde wat de konsekwinsjes binne foar Gaasterlân-Sleat. Dat is neffens in groep ferûntrêste bewenners út dy gemeente noch net goed ûndersocht. Se ha in boargerinisjatyf oanfrege. Dêrmei kinne boargers in ûnderwerp op de aginda sette fan de gemeenteried.

De inisjatyfnimmers fine Gaasterlân better by de Súdwesthoeke passen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)