SAR-helikopters foar ûnderhâld

13 feb 2009 - 15:17
  • De SAR is no tydlik ferfongen troch in Cougarhelikopter

Twa fan de trije SAR-helikopters binne foar grut ûnderhâld nei Sweden ta. De tredde dy't paraat stie, is stikken gien. Minsken dy't op 'e Waadeilannen nei it sikehûs moatte, fleane no mei in Cougarhelikopter. De fleanbasis hat dy helikopter fan de fleanbasis Gilze-Rijen liend.

It probleem mei de SAR-helikopter spilet sûnt tongersdeitemiddei en sil nei ferwachting freed noch oplost wurde. Der wurdt op it stuit mei test.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)