Wurkstraffen yn saak Balk

13 feb 2009 - 14:59

De rjochtbank hat in ynwenner út Harich en ien út Balk feroardield ta wurkstraffen fan 180 en 120 oeren foar diskriminaasje en mishanneling. Se hiene yn oktober 2007 diskrimearjende opmerkings makke tsjin in donker famke. Dêrnei ûntstie op strjitte in fjochtpartij wêrby't de freon fan it famke en noch in oare jonge mishannele binne.

In ynwenner fan Harich dy't dêrby belutsen wêze soe, waard frijsprutsen fanwege gebrek oan bewiis.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)