Daalimpex wurdt oernommen

It bedriuw wurdt oernommen
It oerslachbedriuw Daalimpex yn Harns wurdt oernaam troch konkurrint Kloosterboer út IJmuiden. Fakbûn CNV lit witte dat de oername in feit is. Troch de oername bliuwt it Harnzer bedriuw bûten de problemen fan it memmebedriuw yn Yslân. Dy hat in skuld fan mear as 600 miljoen.
Kloosterboer nimt fjouwer fan de seis bedriuwen yn Nederlân oer. By Daalimpex wurkje oer it hiele lân sa´n 170 minsken.