Kontrôle op learplicht

13 feb 2009 - 14:11

Learplichtamtners kontrolearje dizze wike ekstra oft skoallen de bern earder frijjouwe. Mei de foarjiersfakânsje foar de doar freegje guon âlden oft har bern wat earder frij ha kinne om't se op fakânsje sille.

Offisjeel meie skoallen de bern tsien dagen yn it jier frijjaan, mar dat mei inkeld foar belangrike gelegenheden lykas in brulloft. Guon skoallen geane makliker mei de regels om as oaren.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)