Tekoart oan isotopen is oer

13 feb 2009 - 12:29
  • Sikehûzen ha wer genôch isotopen om minsken te bestralen

Der is gjin tekoart mear oan isotopen. Dat materiaal wurdt brûkt by it bestralen fan minsken yn it sikehûs. It tekoart wie ûntstien om't de kearnreaktor yn Petten in healjier ticht moast fanwegen feilichheid. Freed is de reaktor yn Petten wer iepengien. Dêr wurdt 60 prosint fan alle isotopen yn de wrâld makke.

Fryske sikehûzen ha in soad lêst fan de sluting hân, mar de pasjinten net. Nije wike ferwachtsje de sikehûzen wer genôch isotopen yn hûs te hawwen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)