Jansma 15e op Olympyske baan

Sybren Jansma einige as 15e yn Vancouver
Bobslider Sybren_Jansma fan De Pein is mei stjoerman Edwin van Calker as 15e einige by de wrâldbekerwedstriid yn Vancouver. De wedstriid wie op de baan dy't takom jier by de Olympyske Spelen brûkt wurdt.
Yn it wrâldbekerklassemint binne Van Calker en Jansma op it 17e plak einige. Beide mannen komme letter dit wykein ek noch yn aksje yn de fjouwermansbob. De oerwinning yn de twamansbob gie yn Vancouver nei de Russyske toppers Zoebkov en Voevoda.