Slachtoffers en tsjûgen socht

13 feb 2009 - 09:58

De plysje siket tsjûgen en mooglike slachtoffers fan in man dy´t syn lid sjen litten hat. Dat hat er nei alle gedachten op ferskate plakken yn Fryslân dien. Ferline wike die in slachtoffer oanjefte. Dy joech in goed sinjalemint en wist it kenteken fan de auto dêr´t de man yn ried.

Nei oanhâlding en ferhear fan de fertochte die bliken dat de man alles ûntkende. De plysje wol dêrom yn kontakt komme mei minsken en mei oare slachtoffers.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)