Harns wol 3e oansluting op N31

13 feb 2009 - 09:34

Harns wol in ekstra tredde oansluting hâlde mei de nije N31 by de stêd. Dy moat soargje dat it sintrum goed berikber bliuwt. Yn eardere plannen foar de dyk wiene mar twa oanslutings opnaam. Harns kiest foar in fjouwerbaansdyk mei in akwadukt ûnder it Van Harinxmakanaal.

De ekstra oprit moat by Spaansen en Perseverantie komme. Ut de ferdjippe dyk wei rydt it ferkear fia in iepen tunnelbak en in rotonde nei de stêd.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)