Plannen Drachtsterplein te min

12 feb 2009 - 22:13

De plannen foar de fernijing fan it Drachtsterplein yn Ljouwert sjitte te koart. Dat fine de ûndernimmers en de transportsektor. Dy hawwe bot lêst fan de drokte op it plein en se tinke dat dêroan neat feroaret. Yn de plannen komt der in frije ôfslach fan it Drachtsterplein nei bedriuweterrein De Hemrik, mar de oare kant út stean der noch altyd ferkearsljochten.

Dêrtroch soene ek de files yn de takomst bestean bliuwe. In tunnel soe dat probleem neffens har wol oplosse.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)