Gjin ymmigranten op kemping

12 feb 2009 - 21:58
  • Arbeidsymmigranten net mear op rekreaasjeparken

Rekreaasjeparken en kempings yn de gemeente Frjentsjerteradiel meie net langer arbeidsymmigranten opfange. De gemeente wol dêr in stokje foar stekke. Mei de útwreiding fan de glêstúnbou tinkt de gemeente dat in soad ekstra bûtenlânske wurknimmers nei de gemeente komme sille. Dy moatte fia de normale wenningoanbieders in plakje krije.

Sa wol de gemeente de wenomstandichheden fan de ymmigranten better yn de gaten hâlde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)