Nij rekreaasjepark yn Harns

De presentaasje fan de plannen
Der komt in nij rekreaasjepark mei 110 wenten by de Westerseedyk yn Harns. It park komt tusken kemping de Zeehoeve en de Waddenhal, op it terrein fan it âlde swimbad de Koemen. Om 1800 hinne stie der op dat plak in âlde houtseachmûne. Dy wurdt opnij boud, kompleet mei in balkehaven en in houtopslach.
Mei-inoar ynvestearret de gemeente 25 miljoen euro yn it park. It moat binnen fiif jier klear wêze.