Collen makket debút tsjin VVV

12 feb 2009 - 13:31
  • Pieter Collen

Pieter Collen makket freed syn debút foar Cambuur yn de útwedstriid tsjin VVV-Venlo. De ferdigener makke yn de winterstop de oerstap fan it Belgyske Sint-Truiden nei Ljouwert. Koen Brack sit dêrtroch op de bank. Ek middenfjilder Danny Guijt is troch trainer Stanley Menzo passeard.

Ruud ter Heide is wer fit, de oanfaller stiet yn de basis. Freedtemoarn giet de Cambuurseleksje al rjochting Venlo. De wedstriid begjint om 20.00 oere.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)