Protest tsjin weryndieling

12 feb 2009 - 12:34

Leden fan it komitee Fan Underen Op hawwe tongersdei hast trijehûndert beswieren tsjin weryndieling op it gemeentehûs yn Warkum ôflevere. De beswieren hawwe foaral te krijen mei de proseduere dy't Nijefurd folget. Ynwenners soene net genôch belutsen wêze by it beslút oer weryndieling.

Nijefurd fusearret mooglik mei Boalsert, Snits, Wymbritseradiel en Wûnseradiel. Ynwenners fan dy gemeenten lykje har net al te drok te meitsjen oer de weryndieling.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)