Froulju Hearrenfean ferlieze

© Omrop Fryslân
It frouljusteam fan SC Hearrenfean hat woansdeitejûn mei 1-0 ferlern fan FC Twente. It doelpunt fan Twente foel nei ûngefear in heal oere. Hearrenfean besocht it wol, mar ek nei in reade kaart foar in Twentespylster slagge it de ploech net yn om te skoaren.
De wedstryd wie wichtich om oansluting te hâlden mei de middenmoat. Hearrenfean stiet nei it ferlies fêst op it foarlêste plak, mei 14 punten. Twente stiet mar ien plak heger mar hat no wol seis punten mear.