Man yn Ljouwert mishannele

© Omrop Fryslân
De plysje hat woansdeiteûn yn Ljouwert in man (55) út Wergea oanhâlden foar mishanneling. Tsjin seis oere jûns krige de plysje in melding oer in fjochtpartij op de Drachtsterwei. In man sei dat er samar ynelkoar slein wie troch in him ûnbekende man. Dêrby wie er ferwûne rekke oan syn gesicht.
It slachtoffer hie it kenteken noteard fan de auto fan de fertochte. De plysje koe de man dêrtroch oanhâlde. Hy waard fêstsetten foar fierder ûndersyk.