Túchbestriding moat oars

12 feb 2009 - 10:46
  • Túch net mear mei gemysk guod bestride

Dongeradiel wol it bestriden fan túch oars oanpakke. Der wurde no noch gemyske middels brûkt, mar dat hat tefolle neidielen. De middels komme bygelyks yn it oerflaktewetter. Mar der binne ek hieltyd mear wetlike beheinings.

De gemeente wol it túch dêrom foaral previntyf bestride. Dat kin troch faker te feien mei in wein. Fierder soe de gemeente al by it ûntwerpen fan diken en stoepen rekken hâlde moatte mei effisjint ûnkrûdbehear.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)