Opsetlike oanriding op TV

12 feb 2009 - 10:25

De plysje wol in opsetlike oanriding yn Ljouwert mei de help fan it tv-programma Opsporing Verzocht noch oplosse.

De oanriding wie op 18 desimber op de Sierksmastrjitte yn Ljouwert. In autobestjoerder ried de frou mei opsetsin oan, dêrnei ried er troch. De frou rekke slim ferwûne. De AVRO makket tongersdei opnames foar it programa Opsporing Verzocht, foar de útstjoering fan no tiisdei.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)