Grindheim skoart foar Noaren

Christian Grindheim
Hearrenfeanspiler Christian Grindheim hat it nasjonale alvetal fan Noarwegen oan in oerwinning op Dútslân holpen. Yn in freonskiplike wedstryd makke hij it iennichste doelpunt. Foar de Noaren wie it de earste wedstryd ûnder de nije bûnscoach Egil Olsen.
It nasjonale alvetal fan IIslân spile thús in freonskiplike wedstryd tsjin Liechtenstein. Arnór Smárason fan SC Hearrenfean iepene de skoare. IIslân wûn úteinlik mei 2-0.