PvdA: rjochtbank nei Ljouwert

De rjochtbank yn Ljouwert
De gemeente Ljouwert en de provinsje Fryslân moatte der alles oan dwaan om de troch de minister winske fúzjerjochtbank fan Ljouwert, Grins en Assen nei Ljouwert te heljen. Dat fynt de gemeenteriedsfraksje fan de PvdA.
Woansdei waard dúdlik dat Grins in lobby begjint om de rjochtbank nei dy stêd te heljen. Provinsjale steaten ha de Kommissaris fan de Keninginne yntusken opdracht jûn om him fûleindich yn te setten foar Ljouwert as festigingsplak.