Kultuer Ljouwert mear reuring

© Omrop Fryslân
Mei in ynvestearing fan alve miljoen euro wol Ljouwert it kultureel oanbod yn de stêd op peil bringe. Dit bedrach leit hast in miljoen euro heger as oare jierren. Dit stiet yn de kultuernota 2009 fan de gemeente.
It ekstra jild is bedoeld om besteande ynstellings lykas de Harmonie, Parnas en it Filmhûs sterker te meitsjen. Fierder moatte grutte spektakulêre projekten de stêd mear reuring bringe. In spesjale kultuermakelder moat dizze aktiviteiten yn goeie banen liede.