Soad skoallen 'zeer zwak'

Deputearre Schokker
Basisskoallen yn de trije noardlike provinsjes, wêrûnder Fryslân, rinne achter by de rest fan Nederlân. Ut nij ûndersyk fan de ûnderwiisynspeksje docht bliken dat 17 persint fan de basisskoallen yn it Noarden "swak" of "hiel swak" is.
Lanlik is dat 10 persint. Foaral de útlis troch leararen en de soarch en begelieding oan bern bliuwe achter. Steatssekretaris Dijksma fan ûnderwiis wol it tal "hiel swakke" skoallen drastysk werombringe.