Arriva set nije treinen yn
Arriva set dit jier fjouwer nije treinen yn Fryslân yn. Trije binne as oanfolling op besteande trajekten, ien is spesifyk bedoeld foar it stik Ljouwert-Snits. Neffens in wurdfierder fan Arriva hat de útwreiding te krijen mei de groei fan it tal reizgers. De nije treinen krije ek wer nammen.