Faksinearje tsjin kanker

Faksinearje tsjin kanker
De GGD Fryslân sil yn de kommende moannen goed 17.000 famkes ynintsje tsjin baarmoederhalskanker. It giet om in nij ryksfaksinaasjeprogramma dat yn maart úteinset.
It giet om famkes fan 12 jier, mar dit jier wurdt ek noch in ynhelslach makke. Dêrtroch krije ek famkes tusken de 12 en 16 de kâns om in prik te heljen. Jierliks ferstjerre yn Nederlân goed 200 froulju oan dizze foarm fan kanker en it regear wol dat mei de kampanje werombringe nei 100.