Krâns foar ôfsjitten hert

11 feb 2009 - 16:07

Sa'n fjirtich oanhingers fan de Partij_voor_de_Dieren ha woansdei op Skylge in krâns lein. Se wolle it earste hert betinke dat tiisdei op it eilân ôfsketten is. De partij is fûl tsjin it ôfsjitten fan de herten. Minister Verburg hat tastimming jûn om't se in gefaar binne foar it ferkear en net thúshearre yn de natuer op it eilân.

Der binne al fjouwer bisten ôfsketten en earder is al ien fongen. Der rinne noch fiif herten yn it wyld rûn.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)