K'sweach petear oer doarpshûs

© Omrop Fryslân
Ynwenners fan Kollumersweach wolle in ûndersyk nei takomstmooglikheden foar it doarpshûs, de skoallen, it bernedeiferbliuw en soarchlokaasjes. Sa'n ûndersyk hat de gemeente tasein, mar no set it kolleezje yn op it opknappen en útwreidzjen fan doarpshûs De Trije Doarpen. Ek soene oare foarsjennings by it doarphûs komme moatte.
It doarp is net bliid mei it beslút en fielt him passeard. Se prate tongersdei mei riedsleden.