Twaspjalt yn lobby

Spul oer plak bestjoerlike organisaasje rjochtbank
Der is twaspjalt yn de noardlike lobby foar it krijen fan de bestjoerlike organisaasje fan de rjochtbank nei Ljouwert. Alle bestjoeren fan de rjochtbanken yn de trije noardlike provinsjes moatte nei ien organisaasje fusearje.
Grinslân is in eigen lobby begûn foar festiging yn Grins. Yn Fryslân binne se dêr min oer te sprekken. Der is noed dat de bestjoerlike organisaasje fan it hôf ek folget.