Prate oer weryndieling

© Omrop Fryslân
Fryske gemeenten moatte yn ferskate klusters mei-elkoar prate oer mooglike weryndieling. Dat fynt de provinsje. Neffens de provinsje krije de gmeenten it de kommende jierren folle swierder troch ekstra taken. Dêrom soene se mear gearwurkje moatte. De provinsje sil dêrby net in blaudruk dellizze fan takomstige gemeentegrinzen.
De petearen tusken de ferskate gemeenten hoege net perfoarst op weryndieling út te rinnen, ek in sterkere gearwurking is in opsje.