SP-aksje by stasjon en NUON

© Omrop Fryslân
Leden fan de Socialistische Partij hawwe woansdeitemoarn op it stasjon fan Ljouwert en by de festiging fan NUON yn Cammingabuorren flyers útdield om te protestearjen tsjin de ferkeap fan de oandielen. It enerzjybedriuw komt dêrmei mooglik yn Italjaanske of Skandinavyske hannen.
De flyer-aksje is in opmaat foar in gruttere protestaksje dy't foar kommende sneon by it provinsjehûs op it programma stiet.